Ekstra bussen op PC-dei

24 jul 2008 - 11:13
Op PC-dei ekstra bussen nei Frjentsjer

Ferfiersbedriuw Connexxion set nije wike mei de PC ekstra bussen yn nei Frjentsjer. Fanút 4 rjochtings kinne keatsleawhawwers mei de spesjale bussen nei Frjentsjer brocht wurde.

It is dit jier foar it earst dat minsken ek yn Warten, Wergea en Goutum opstappe kinne. Kaartsjes binne te keap by de sjauffeur. Minsken kinne jûns ek wer mei de spesjale bussen werom.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)