Rendac faker op paad

24 jul 2008 - 11:10

Kadaverferwurkjend bedriuw Rendac rydt kommend wykein ekstra om deade bisten op te heljen. Dat is fanwege de waarmte dy't ferwachte wurdt. Normaalwei wurde kadavers dy't freed nei twa oere nachts oanmelden wurde, net earder as moandeis ophelle, mar fanwege it waarme waar rydt Rendac no ek op sneon.

Kadavers fan lytsfee lykas lammen en plomfee wurde wol op de gewoane tiid ophelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)