Stellerij út swimbad Drachten

24 jul 2008 - 10:57
Foto: Omrop Fryslân

Yn it swimbad fan Drachten is woansdei in 15-jierrige jonge oanhâlden foar stellerij. In 12-jierrich jonkje miste syn mobile tillefoan en jild, doe't er yn de klaaikeamer kaam.

Mei de badmaster gie er op ûndersyk út en sa kamen se by de fertochte út. Dy hie de tillefoan doe noch by him. De fertochte is meinommen troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)