Skûtsjes sile twa wedstriden

24 jul 2008 - 10:39

De skûtsjes fan de SKS sile hjoed op de Iselmar by De Lemmer twa wedstriden. Moarns wurdt de yn Starum ôflaste wedstriid ynhelle en middeis is der dan de wedstriid sa't dy oars ek syld wurde soe.

Yn 2007 waarden der 3 wedstriden ôflast en dêrfan is doe 1 wedstriid ynhelle. It skûtsje fan Snits stiet boppe-oan mei 13,8 en It Hearrenfean stiet twads mei 15,7 punten. Snits hat krekt in falske start makke en begjint dus yn de achterein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)