Fraude mei stellen pinpassen

24 jul 2008 - 10:03

De plysje warskôget foar dieven dy't it op pinpassen foarsjoen hawwe. Al njoggen Friezen binne dêr it slachtoffer fan wurden. By har waard jild fan de rekken helle. Om wat foar bedrach it dan giet is net bekend.

De dieven hawwe nei alle gedachten yn supermerken de pinkoade fan de slachtoffers achterhelle. Op it parkearplak by de winkel slagge it har mei in ferlechje de pinpas sels te stellen. De slachtoffers kamen dêr pas achter doe't se al wer thús wienen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)