'Stasjon Marrum brûke'

23 jul 2008 - 20:19

Der moat gau wat gebeure mei it stasjon fan it Dockumer Lokaaltsje by Marrum, dat fine de ynwenners fan it doarp. It gebou is fiif jier lyn folslein restaureard mei 4,5 ton oerheidsjild. Mar stiet noch hieltyd leech.

De Marrummers fine dat der no gau wat mei gebeure moat, want it gebou begjint al wer te fertutearzjen. Yn septimber sil de gemeente mei de eigner om tafel om te praten oer de takomst fan it gebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)