Belgysk pear op Boerebrulloft

Op De Jouwer is woansdei foar de 54ste kear de Boerebrulloft hâlden. Denise van Gestel (46) en Ronny Verdonck (59) ha inoar it ja-wurd jûn. Dat barde op tradisjonele wize, lykas 150 jier lyn. Bysûnder dit jier is dat foar it earst in bûtenlânsk echtpear troud wurdt, út België. De man is in grut leafhawwer fan Fryske hynders.
Kommissaris fan de Keninginne, John Jorritsma wie ek op de Boerebrulloft, yn amtskostúm. Ek syn frou hie in histoarysk kostúm oan.