Wurksumheden by fleanbasis

23 jul 2008 - 10:40

Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert moatte fan moandei ôf rekken hâlde mei ekstra lûdsoerlêst. De haadlâningsbaan fan de fleanbasis giet twa wiken ticht foar jierliks ûnderhâld. Fanwege de wurksumheden sille de fleaners fan Ljouwert de twadde baan brûke moatte. Dit betsjut mooglik wat ekstra oerlêst foar omwenners.

Neffens de basis sil de oerlêst net hiel slim wêze, om't der ek minder flein wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)