Weening sin oan Alpe d'Huez

22 jul 2008 - 20:56

Hurdfytser Pieter Weening sjocht út nei de keninginnerit fan de Tour de France op woansdei; de Alpe d'Huez. Syn doel is om sa ticht mooglik yn 'e buert te bliuwen fan Rabobank-kopman Denis Mentsjov.

Weening belibbe tiisdei syn santjinde Tour-etappe. Hy seach dat Mentsjov kostbere tiid ferspile yn de ôfdaling. Neffens Weening falt woansdei de beslissing yn de top fan it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)