Snits wer klassemintslieder

Spanning wer hielendal werom
Snits is tiisdei wer klassemintslieder fan it SKS skûtsjesilen wurden nei in klinkende oerwinning op it wetter by Ealahuzen. Favoryt It Hearrenfean sylde in minne wedstriid en einige as fyfde.
It twadde plak wie foar Earnewâld en De Lemmer waard tred. De Súdwesthoeke lei in skoft op kop, mar sakke úteinlik ôf nei in tsiende plak. d'Heale Moanne moast de wedstriid ferlitte nei in stjoerboard-bakboard sitewaasje.