Reaksjes arrestaasje Karadzic

22 jul 2008 - 11:41

It oppakken fan Radovan_Karadzic soe wolris negatyf útpakke kinne foar de âld-Dutchbat-militairen. It hellet nammentlik de âlde wûnen wer iepen. Dat seit ien fan harren, âld-militair Wim_Dijkema. Hy siet sels yn 1995 by Dutchbat doe´t de moslimenklave Sebrenica ynnaam waard troch de Bosnyske Serviërs.

Dêrby kamen úteinlik tûzenen moslims om it libben. Karadzic wie doe de president fan de Bosnyske Serviërs en wurdt ferantwurdlik hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)