Hast botsing mei ûnderseeër

© Omrop Fryslân
In Dútse ûnderseeër is sneintenacht yn stoarmwaar hast yn botsing kaam mei in skip dat troch Flylanner rêdingsboat Graaf van Bijlandt sleept waard. De rêdingsboat holp it jacht de Breezand dy't fanwege golven fan goed 8 meter útwike woe nei Flylân.
Doe't de Graaf van Bijlandt mei de Breezand werom fear nei de haven waard er oproppen troch de Dútse ûnderseeër. Beide boaten feroaren fan koers mar de ûnderseeër dûkte doe ta skrik fan de rêders op tusken har boat en de sleep.