Tefolle drank: rydbewiis kwyt

22 jul 2008 - 10:04

Yn 56-jierrige automobilist út Langsweagen moast moandeitenacht syn rydbewiis ynleverje. De man ried op de rotonde by de Jouwer rjochtút dwers oer ferkearsbuorden hinne, de greppel yn. De man hat noch besocht fuort te riden, mar dat slagge net mear.

Ek in 22-jierrige automobilist út Skuzum rekke dy nacht syn rydbewiis kwyt. Plysjes kamen de man tsjin by it feestterrein fan Makkum. Hy krige in stopteken en moast blaze. Hy krige in rydfebod fan 13 oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)