Snitswike tinkt om it miljeu

By de kommende Snitswike spilet it ûnderwerp 'ôffal en miljeu' in grutte rol. De gemeente Snits wol minsken mei spesjale aksjes wize op ôffal. Der wurde kaarten útdield mei it boadskip om smoargens net op strjitte, mar yn de ôffalbak te goaien.
It Ministearje fan ferkear en wettersteat organisearret op de hurdsyldei in wetterrace. De 73ste Snitswike is fan 2 oant en mei 7 augustus.