Wetter en stroom yn Prinsetún

© Omrop Fryslân
Yn de jachthaven fan de Prinsetún yn Ljouwert wurde takom jier 250 ekstra lisplakken foarsjoen fan stroom en wetter. It giet om de plakken oan de kant fan de Noardersingel.
No hawwe allinnich de plakken oan de kant fan de koperen tún sokke foarsjenningen. Mar it wurdt hieltyd drokker yn de haven, en dus nimt de fraach ta. Mei troch it minne waar fan de lêste wiken giet de Prinsetún op in nij rekord oan as it giet om it oantal oernachtingen.