Sneon ûnderhâld oan N31
De N31 tusken Werpsterhoeke en Hemriksein is kommende sneon moarns tusken seis en tolve oere yn beide rjochtingen ticht.
Rykswettersteat sil yn dy tiid ûnderhâld oan de dyk útfiere. It ferkear wurdt omlaat fia de Drachtsterwei, de Aldlânsdyk en de Overijsselsedyk. De omlieding wurdt mei buorden oanjûn.