Ferwûne by ûngelok It Fean
By in iensidich ûngelok sneintemoarn op de A7 by It Hearrenfean is in frou út Snits (20) ferwûne rekke. Se wie op it ferkearsplein yn 'e slip rekke en tsjin de fangrail botst.
De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.