Yslânske popbands yn Ljouwert
It Frysk Festival organisearret sneon 30 augustus yn de Ljouwerter binnenstêd it popfestival 'Reykjavik calling'. It festival mei renomearre popbands út Yslân is in nije foarstelling dy't oan de list fan de oare fjirtich foarstellings fan it Frysk Festival tafoege is.
'Reykjavik calling' wurdt holden op it Aldehoustertsjerkhôf. De útnoege bands binne op it stuit represintatyf foar de popsêne yn de Yslânske haadstêd. It binne Studmenn, Vax en Sprengjuhöllin.