Stellen auto yn wetter
De plysje docht ûndersyk nei in stellen auto dy't yn Makkum it wetter yn riden is. Sneontemoarn ûntdutsen minsken dat yn it wetter by de Van Osingawei in auto lei.
De brânwacht sette dûkers yn om te sykje nei mooglike ynsittenden. Dy waarden net fûn. Wol die bliken dat de auto earder stellen wie fan de De Rog yn Makkum.