Nederlanners winne Windmillcup

© Omrop Fryslân
De tennissers Moos Sporken út Lisse en Rosalie van der Hoek út Leiden hawwe de Windmillcup wûn. It is foar it earst yn de histoarje fan it toernoai dat twa Nederlanners der mei de oerwinning fan troch giene.
By de manlju fersloech Sporken de Kroaat Filip Veger yn twa sets: 7-5 en 6-4. Van der Hoek wûn by de froulju fan de Tunesyske Ons Jabeur. Ek sy hie twa sets nedich: 7-5 en 7-6. Neffens toernoaidirekteur Rob Joling is it in slagge toernoai mei twa moaie winners.