Oranjerûte nij libben ynblaasd

20 jul 2008 - 15:44

De Nederlânsk-Dútske Oranjerûte wurdt nij libben ynblaasd troch it promoasjeburo Friesland-Holland. Troch fral de Fryske skiednis fan de Oranjes op de foargrûn te setten hopet it buro mear Dútske toeristen te lûken.

It Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert, mar ek it bûten yn Oranjewâld krije ekstra omtinken yn de nije fakânsjegids dy't dit jier yn Dútslân te krijen is. De Oranjerûte giet yn Nederlân en Dútslân by ferskate stêden del dy't in link ha mei de Oranje-famylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)