Ungelok by Sweins

20 jul 2008 - 15:40

De âlde Rykswei tusken Dronryp en Frjentsjer hat sneintemiddei in skoftlang ôfsletten west foar ferkear yn ferbân mei in ûngelok. By Sweins wie in auto tsjin in beam oanriden.

De brânwacht en de plysje hawwe it slachtoffer út de auto helle. Der wiene fierder gjin oare auto's by it ûngelok belutsen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)