Nije útstalling yn Boalsert

20 jul 2008 - 15:30

Yn it Titus Brandsma Museum yn Boalsert is sneon in útstalling iepene oer de 'Cisterciënzer' kloasteroarder yn de midsieuwen. Sintraal steane de abdijen Bloemkamp en Nijeklooster. Dy beide kleasters leine tusken Boalsert en Snits.

De útstalling is ien yn it ramt fan it 'Jaar van het Religieus Erfgoed' en is oant mids desimber te sjen yn it Titus Brandsma Museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)