Finish boate-alvestêdetocht

19 jul 2008 - 16:21

It wie dizze wike betiden rûch waar mei rein, wyn en kjeld. Dochs bleau de stimming der prima yn by de dielnimmers oan de Alvestêdetocht foar boaten. Seis dagen lang moasten der sa'n 40 kilometer ôflein wurde.

Sneontemiddei wie de finish by de Ljouwerter Prinsetún. Mei elkoar wiene der dizze wike 300 dielnimmers. Dizze wienen goed tefreden oer de organisaasje en it kontakt ûnderling, mar wienen dochs wol bliid dat de tocht der op siet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)