Weening: 'Dope dom en skande'

Pieter Weening
'Dom en in skande foar it fak,' dat is de reaksje fan hurdfytser Pieter Weening op de trije dopinggefallen yn de Tour de France. De Harekyt hat gjin goed wurd oer foar twa Spanjaarden en de Italjaan Ricco, dy't de tour útset binne fanwege it brûken fan it middel EPO.
Sels is Weening de lêste ritten wer yn bettere kondysje. Hy hopet syn kopman Menchov yn de Alpen ek goed bystean te kinnen.