Mishanneling op De Jouwer
De plysje hat yn de nacht nei sneon twa 21-jierrige ynwenners fan De Jouwer oppakt. Sy soene earder dy nacht twa plakgenoaten yn de Midstrjitte mishannele ha.
De slachtoffers, fan 21 en 16 jier âld, binne slein en skopt troch de beide fertochten. Wat dêr de oanlieding foar wie is noch net dúdlik. De plysje siket dat noch út.