Skûtsjesilen ôflast
It skûtsjesilen yn Starum giet sneon net troch. De wynflagen meitsje it te gefaarlik om fan start te gean. De wyn komt út it súdwesten en dat makket it risiko op omslaan te grut. Ek binne der te hege baren.
De wedstriid wurdt kommende tongersdei om healwei alven by De Lemmer ynhelle.