Fraudeteam detailhannel

De belestingtsjinst sit ek yn it team
In team fan ferskate oerheids-tsjinsten, docht fan dizze moanne ôf ûndersyk nei fraude yn de detailhannel yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Under oare yllegale arbeid, ûnderbetelling, swart wurk en útkearingsfraude wurde oanpakt.
Yn it yntervinsjeteam sitte minsken fan de belestingtsjinst, de plysje, de arbeidsynspeksje, it UWV en ferskillende gemeenten. It team is spesjaal yn it libben roppen om de fraude op te spoaren en oan te pakken.