Utstalling oer âld kleaster

18 jul 2008 - 17:37

Yn it Titus Brandsma Museum yn Boalsert iepenet takom wike in eksposysje oer it eardere kleaster Bloemkamp. It kleaster by Hartwert is yn 1579 fernield. De Fryske Steaten hiene de kleasters ferbean om't se benaud wiene dat se yn de 80-jierrige oarloch yn hannen fan de Spanjaarden foelen. Yn de midsieuwen hie Fryslân 52 kleasters. Der is neat mear oer.

De útstalling jout in byld fan it kleasterlibben yn dy tiid. Ek stiet der in makette fan Bloemkamp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)