Lytse Sint Joris wer teplak

18 jul 2008 - 14:32

De Slachtewurkgroep Easterbierrum hat syn Sint_Joris werom. It byld fan de ridder op syn hynder stiet op de Sint Joristsjerke yn it doarp. By de Slachtemaraton fan 14 juny presintearre Easterbierrum him op de seedyk mei in miniatuer fan de tsjerketoer mei de Sint Joris. Dat byld waard in dei letter stellen.

Ofrûne snein fûn de koster it byld wer foar de doar fan de tsjerke. Der siet in briefke by fan ien út Harns. It is net dúdlik wa't der achter siet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)