Renkum wol Cambuur net ha

© Omrop Fryslân
SC Cambuur spilet freedtemiddei net yn Oosterbeek tsjin CSKA Sofia. De gemeente Renkum hat de wedstriid ferbean om't dy fan neat wist. Doe't de gemeente it te hearren krige, is besletten ta it ferbod fanwege de oerlêst dy't in groep supporters fan de Ljouwerter klub in tal moannen lyn feroarsake hat yn it sintrum fan Arnhim, flakby Oosterbeek.
De wedstriid tsjin CSKA Sofia wurdt no op in geheim plak spile. Hoe let wolle beide klubs net sizze.