Man soe sneltrein net sjoen ha

18 jul 2008 - 12:55

De man út Heerde dy't tongersdei om it libben kaam op it stasjon fan Akkrum, hat nei alle gedachten oer de holle sjoen dat der in sneltrein oankaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje. De man waard troch famylje nei de trein brocht. Doe't de spoarbomen nei ûnderen gongen, tocht er mooglik dat de stoptrein der oan kaam.

De sneltrein hat noch wol toetere, mar koe net op tiid remje. Op it stuit fan in ûngelok wiene in soad minsken op it stasjon. Se binne heard troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)