F-16 ûnderskept fleantúchje

18 jul 2008 - 12:23

In Cessna-fleantúchje is tongersdei ûnderskept troch in F-16. De piloat fan de Cessna wie mei it hierde tastel ûnderweis nei it Amelân. Boppe Tsjummearum fleach er oer in stik fan it kontrôlegebiet fan de fleanbasis yn Ljouwert. De man reagearde net op oproppen fan de ferkearstoer.

In F-16 dy't yn de loft wie, fleach doe neist it sportfleantúchje om oan te jaan dat er de radio oan dwaan moast. Nei kontakt fleach de man fierder nei it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)