Kavia's letter nei Bakkefean

18 jul 2008 - 10:36

It nije opfangsintrum foar kavia's yn Bakkefean is letter klear as pland. It Caviadoarp sit no noch yn it Drintse Westervelde, mar mei dêr net útwreidzje. Yn july soene de bistjes dêrom ferhúzje nei in kamping yn Bakkefean. Dat wurdt no trije moanne letter om't alle fergunningen foar de ferbouwing noch net rûn binne.

De kamping is al wol iepen, mar de bargemotten sitte noch yn Drinte. It Caviadoarp lûkt alle jierren sa'n 9000 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)