Man ferûngelokke by Akkrum

18 jul 2008 - 10:32

By in ûngelok op it treinstasjon fan Akkrum is tongersdeitejûn in man (74) út Heerde om it libben kaam. Neffens tsjûgen rûn it slachtoffer ûnder in spoarboom troch, dy't al nei ûnderen wie. Op dat stuit kaam der krekt in trochgeande trein oan.

De masinist seach de man oerstekken en besocht him mei in lûdssinjaal te warskôgjen. Hy makke in needstop, mar koe de oanriding net foarkomme. De man út Heerde wie op slach dea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)