Verhoeff by premjêre Ljouwert

De promoasjetoer foar de film De_Brief_van_de_Koning fan Pieter_Verhoeff is dien. De ôfrûne wike hat de Fryske regisseur by njoggen bioskopen west. De lêste wie tongersdei yn Ljouwert. Foar de film is draaid yn Frankryk, België, Dútslân en Lúksemboarch.
De Brief van de Koning is de earste bernefilm dy't Verhoeff makke hat en spilet him ôf yn de midsieuwen. De regisseur sil no dwaande mei in Fryske film op basis fan de musical Carmen.