Graffity moat sfear bringe

Der komt in grut graffitykeunstwurk by de entree fan de noard- en westtribune fan it Cambuurstadion yn Ljouwert. Fjouwer graffityspuiters dy't ek supporter binne fan Cambuur sille it keunstwurk meitsje op de muorre fan de njonkenlizzende sporthal.
De tritich meter lange wand moat in yndruk jaan fan de sfear by Cambuur. De entree is no wat te sober en moat hjirtroch minsken wat better yn 'e stimming bringe, is de bedoeling.