Fotofinish by SKS Langwar

17 jul 2008 - 17:37

Nei in duel tusken de_Sneker_Pan en de_Heale_Moanne fan Drachten kaam it skûtsje fan Jitze_Mink tongersdei as earste oer de finishstreek. d´ Heale_Moanne sylde eardere wedstriden yn ´e middenmoat, mar die by de SKS-wedstriid by Langwar wól goede saken.

De wedstriid gie pas om kertier foar fjouweren los fanwege de wynomstannichheden. Klassemintslieder Pieter_Brouwer makke in falske start en einige as fyfde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)