Lotterijwinners net bliid

Net alle minsken yn Snits dy't fannewike in priis wûnen yn de postkoadelotterij, binne dêr wiis mei. Want guon fan har krije in útkearing en wurde dêr no op koarte. Tsien minsken wûnen in jildpriis fan 12.500 euro en ien Snitser krige in BMW.
De sjosjale tsjinst seit dat prizen by it fermogen fan minsken opteld wurde. Dêrtroch kin it gebeure dat de útkering koarte wurdt. Hoe heech dy koarting is, ferskilt per persoan.