Protestaksje by skûtsjesilen

17 jul 2008 - 16:28

By it skûtsjesilen tongersdei op de Langwarderwielen hat it aksjekomitee Trijntje Wiel demonstreard tsjin de komst fan in grut bûten by Broek. De lânhûzen soene minsken fan bûten de provinsje nei Fryslân lokke moatte. De omwenners fan de takomstige lúkse hûzen fine dat soks it lânskip fernielt.

It aksjekomitee hopet mei de aksje stipe te krijen fan minsken rûnom út de provinsje wei én dat de polityk de plannen weromlûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)