Snits te sjen mei webcam

17 jul 2008 - 14:18

De Marktstrjitte yn it sintrum fan Snits is fan no ôf te besjen fia in webcam. It giet om in inisjatyf fan Sneek Promotion. Minsken kinne de kamera thús fan achter de kompjoeter sels betsjinje. Sa kinne se sels bepale hokfoar bylden se sjen wolle.

De webcam jout in byld fan it stêdhûs yn Snits oantemei de terrassen fan de Marktstrjitte. De kamera hinget oan de gevel fan it VVV-kantoar. Yn ferbân mei de privacy fan it publyk, wurde der gjin opnames makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)