Undersyk nei wurk yn Fryslân

17 jul 2008 - 11:53

In advyskommisje sil ûndersykje hoe't de Fryske arbeidspartisipaasje omheech kin. Dan giet it net allinnich om de fraach hoe't der sa gau mooglik mear minsken oan it wurk kinne, mar ek hoe't minsken dy't al in baan ha mear oeren wurkje kinne.

Doel is om fraach en oanbod op de Fryske arbeidsmerk better op elkoar ôf te stimmen. De kommisje siket dêrom út wa't de wurkjouwers sykje, wa't de wurksykjenden binne en hokker opliedings in rol spylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)