Hearrenfean rûn mei Viktor Elm

17 jul 2008 - 11:29

De Sweedske middenfjilder Viktor_Elm giet sa goed as wis nei Sportklub Hearrenfean. 'Der moat noch tekene wurde, mar it is foar 99% seker dat hy komt', neffens direkteur Yme_Kuiper.

Nei alle gedachten komt Elm pas yn de winterstop oer fan Kalmar FF. Dy klub stiet op dit stuit boppeoan yn de Sweedske kompetysje en wol him leaver net no al gean litte. 'Der is noch in lytse kâns dat hy dizze simmer al komt, mar it wurdt wierskynlik jannewaris', sa seit Kuiper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)