Tipjild saak De Blesse

It plak fan it misdriuw yn De Blesse
Der is 20.000 euro útloofd foar de tip dy't liedt ta de oanhâlding fan de persoan dy't de 52-jierrige Ida Klijnstra fan De Blesse deasketten hat. It Iepenbier Ministearje hopet sa in ekstra ympuls te jaan oan it ûndersyk en ynformaasje te krijen dy't foar in trochbraak soargje kin.
It resjerzjeteam wurket noch hieltyd mei 30 minsken oan de saak. Ida Klijnstra waard 23 juny dea oantroffen yn har wenning yn De Blesse.