Hearrenfean wint fan Veendam

16 jul 2008 - 22:12

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn de oefenwedstriid yn Langsweagen mei 2-0 wûn fan Veendam. De beide goals fan de wedstriid foelen yn de twadde helte.

Radek Matusiak en Reza Ghoochannejhad wiene de skutters. Der wiene op de earste serieuze oefenwedstriid fan SC Hearrenfean sa'n twatûzen taskôgers nei Sportpark 'It Paradyske' yn Langsweagen ôfreizige. Freed komt Hearrenfean opnij yn aksje. Dan wurdt der spile tsjin Drachtster Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)