Aaien (S)aailân reparearre

16 jul 2008 - 16:10

Fiif aaien op it Saailân wurde reparearre. It keunstwurk leit der noch mar 3 moanne, mar is no al bot ferinnewearre. Fandalen hawwe gatten yn fiif djerren slein en fei-auto's ha de ferve fan it plein skrabe.

Tongersdei wurdt it aaiwyt op 'e nij skildere, mar yn in minder fûle kleur wyt. Want it foarige wie sa helder dat der klachten oer wiene. It soe sear dwaan oan de eagen. It keunstwurk fan de Drachtster keunstner Hofstra hat 100.000 euro koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)