It Hearrenfean wint wer SKS

16 jul 2008 - 16:10

Skipper Pieter Brouwer fan it Hearrenfean hat woansdei by Terherne foar de tredde kear op rige it SKS-skûtsjesilen wûn. It skûtsje foer de hiele wedstriid foarop en sylde sa mei gemak nei in glorieuze oerwinning. De striid om it twadde plak waard wûn troch Ljouwert, Snits kaam dêrnei op it tredde plak.

Nei in ynsidint ferlieten De Jouwer en Drachten foar de ein it wedstriidwetter. Snits makke protest tsjin Earnewâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)