Van Booma ferkeapet swimbad

16 jul 2008 - 16:00

Der is sa goed as wis in nije eigner fûn foar swimbad Schatzenburg by Menaam. It giet om Klaas Donath, de behearder fan sporthal en kantine njonken it swimbad. Hy hat grutte plannen mei Schatzenburg.

Sûnt begjin dit jier stiet it swimbad te keap. Eigner Ron van Booma wol der fan ôf, om him ta te lizzen op syn rekreaasjepark. Donath wol it swimbad faker iepen hawwe en ek it swimseizoen langer meitsje. De priis foar it tagongskaartsje giet wer omleech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)