Utwreiding Kameleondoarp komt

© Omrop Fryslân
De plannen foar de ferbouwing fan it Kameleondoarp yn Terherne binne in stap fierder. Direkteur Siebe Kuipers hat woansdei de bou-oanfraach en de tekeningen by de gemeente yntsjinne.
Kuipers ferwachtet yn oktober begjinne te kinnen mei de yngreven ferbouwing fan ûnder oare de Kameleonpleats en it eilân. Sa moat der bygelyks in fierljepskâns en in keatsfjild komme. Mei de ferbouwing en de nije namme 'Kameleonaventoer' wol de Terhernster attraksje mear folk lûke.