Mei 149 km lâns Goaiïngaryp
In 45-jierrige man fan it Hearrenfean is tiisdei op de Kleasterwei yn Goaiïngaryp betrape op fierstente hurd riden.
De man hie 149 kilometer yn de oere op syn teller stean. De maksimum snelheid is dêr 80. De man is by Terherne oan de kant set. Hy moast syn rydbewiis ynleverje.